Wy binne in trijetalige skoalle

Basisskoalle De Fluessen, Aldegea (Fryske Marren) is tongersdei 22 febrewaris offisjeel sertifisearre as ‘Trijetalige Skoalle’. Op in spesjale feestmiddei foar bern, âlden, learkrêften, ynwenners en belangstellenden is dat fierd. Bûtendoar hongen trije flaggen, de Ingelske, de Nederlanske en fansels de Fryske flagge.

Undersyk wiist út dat meartaligens in stimulearjende ynfloed hat op de taalûntwikkeling fan bern, as dêr op in ferantwurde wize mei omgien wurdt. Benammen bern yn ‘e leeftyd fan 0 – 8 jier binne hiel taalgefoelich. In Trijetalige Skoalle biedt Nederlânsk, Frysk en Ingelsk op in strukturearre wize oan yn alle groepen. De talen spylje in grutte rol yn’e skoalle. Se wurde net allinich as fak ûnderwiisd, mar ek brûkt om les yn te jaan by oare fakken. Der is sprake fan in trije talige skoalle as dizze talen yn in bepaalde ferhâlding brûkt wurde as les en fiertaal.
De Fluessen is serfisearje en der is eltsenien grutsk op. De trije talen ha no in dúdlik plak yn de skoalle. It past by de wurkwize fan de Fluessen. Keunst, kultuer en sosjale belutsenens is wichtich op dizze skoalle, dêr past omtinken foar it Frysk, Nederlansk en Ingelsk ek by.
By de fiering wienen âlders oanwêzich en minsken út de doarpen Kolderwolde, Ealahuzen en Aldegea.