Kultuerele haadstêd

Op moandei 4 juni gean alle bern fan ús skoalle nei Ljouwert, ús kultuerele haadstêd. Wy gean moarns betiid nei de prinsetún. De Prinsetún yn Ljouwert is fan 31 maart oant en mei 28 oktober 2018 omtsjoene ta Taletún, fol aventoeren foar bern fan 0 oant 12 jier. Mar fansels ek foar âldere bruorren/sústers en harren pakes en beppes. Der is fan alles te dwaan lykas boartersobjekten, ynteraktive ynstallaasjes en mear. Prachitich foar skoalklassen mar ek foar jo húshalding om hinne te gean.

Nei de ‘lunch’ om 12.00 oere, gean de groepen 1 oant 4 nei it natuermúseum. De bern gean hjir nei it ‘Gruttotheater’ en meie oan de slach as útfiner. De groepen 5 oant 8, gean nei OBE,  it talensintrum. Der sille se leare oer de ferskillende talen op è wrâld.

Om 16.00 oere ferwachtsje wy wer werom te wêzen op skoalle.

Mochten jo mear ynformaasje wolle. Maile kin nei Rienke de Koe.